Famylje Van der Pol draaft Alvestêdetocht tsjin kanker

De Wâldseiner famylje Van der Pol is de lêste tiid hurd troffen troch kanker. Alle fiif leden út ien húshâlding ha mei de sykte te krijen of te krijen hân. De soannen, dochters, neven, nichten en oanhing woene wat dwaan en dêrom binne sy freedtemiddei begûn mei de Alvestêdetocht-estafette om jild yn te sammeljen foar KWF Kankerbestrijding.
Famylje Van der Pol draaft Alvestêdetocht tsjin kanker
It is de bedoeling de loop yn 24 oeren te dwaan. De dielnimmers rinne ferskillende ôfstannen tusken de 5 en 21 kilometer. Der is yntusken mear as 13.000 euro ophelle.
"We rinne foar it libben", seit Willem van der Pol. Hy hat sels 21 kilometer draafd tusken Parregea en Kimswert. "It giet reedlik goed, we lizze sels twa oeren foar op skema. Elk docht ekstra syn bêst. We dogge it mei syn allen en omdat it tichtby is, kin elkenien derby wêze om oan te moedigjen lâns de rûte. Net elk kin like lang drave, mar elk draacht sa wol syn stientsje by."

Skouders derûnder

De famylje wol mei dizze aksje wat posityfs dwaan. "Kanker is heftich en komt yn alle famyljes foar, ek wy wurde net sparre. Mar sa wolle we de skouders derûnder sette, minsken in hert ûnder de riem stekke en dus jild ophelje."
Underweis krije se in soad stipe. "Dat is hertferwaarmjend. Minsken steane midden yn de nacht om dy oan te moedigjen."
De finish fan de estafette is sneontemiddei 15.30 oere yn Wâldsein.
Willem van der Pol
Famylje Van der Pol draaft Alvestêdetocht tsjin kanker

Maarten

Ek Alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden stipet de akje. Hy stjoerde in fideoboadskip nei de famylje dêr't er de famylje in soad sterkte yn tawinsket. "Dat wie in leuke ferrassing."
Famylje Van der Pol draaft Alvestêdetocht tsjin kanker
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust trof de belutsenen ein fan de moarn tusken Snits en De Hommerts.
Famylje Van der Pol
© Famylje Van der Pol
De famylje woe 2.000 euro ophelje foar it KWF, dat bedrach binne se al flink foarby. Der is al goed 13.000 euro ophelle op harren aksjeside.