Mear jild nei jeugdsoarch: petysje is al troch 127 gemeenten ûndertekene

25 maaie 2019 - 08:41

De petysje foar mear jild nei de jeugdsoarch is nei in wike al 127 kear ûndertekene troch gemeentlike kolleezjes. It inisjatyf foar de petysje komt ûnder oaren fan Tytsjerksteradiel, Hearrenfean en Opsterlân.

Jeugdsoarch - Foto: Shutterstock.com

Yn de petysje wurdt oan de Twadde Keamer en it kabinet frege om genôch jild beskikber te stellen foar it sosjale domein. In soad gemeenten ha dêr tekoarten en dan benammen op de jeugdhelp.

Rob Jonkman, wethâlder yn Opsterlân, ferwachtet dat mear kolleezjes de kommende wike noch tekenje sille. "Veel colleges vergaderen op dinsdag en nemen dan een besluit, dus ik verwacht daarna nog wel meer reacties. De G40, de veertig grootste Nederlandse gemeenten, hebben eerst het overleg afgelopen donderdag met de minister en de VNG afgewacht. Daar kwam uit dat er 350 miljoen extra komt, maar dat is lang niet genoeg. Van alle gemeenten bij elkaar wordt geschat dat het tekort tussen de 1 en 1,2 miljard ligt. Dan is een derde echt te weinig."

Neist de rop om ekstra jild binne de gemeenten ek dwaande om de jeugdsoarch oars te organisearjen, mar dat kostet tiid. "Maar dat levert geen miljard op, dus het tekort blijft structureel."

Earder siet de jeugdsoarch by it Ryk. Yn 2015 is it oergien nei de gemeenten. Jonkman fynt dat dat net weromdraaid wurde moat. "De gemeente zit veel dichter op de problematiek en dichter bij de inwoners dan het Rijk. Er is meer beroep op de zorg gedaan en de problematiek is zwaarder. Het gaat niet alleen om het geld, we doen het voor diegenen die kwetsbaar zijn."

De minister moat de gemeenten mear temjitte komme, want "het water staat ons echt aan de lippen. Er moet iets gebeuren, anders zullen we op andere terrein moeten gaan bezuinigen."

Wethâlder Rob Jonkman

(Advertinsje)
(Advertinsje)