Dweilorkest Feintsjes is nominearre foar 'klup fan it jier'

It dweilorkest De Feintsjes út Ljouwert is nominearre yn de ferkiezingen foar klup fan it jier. It dweilorkest is neffens de sjuery maatskiplik belutsen by goede doelen en befoarderet it bespyljen fan blaasynstruminten yn en bûten Fryslân.
Menaemer Feintsjes © Tom van Mourik
It is de twadde kear dat der in ferkiezing is fan de 'Club van het jaar'. It is in inisjatyf fan de Rabobank mei NOC*NSF, LKCA, Kunstbende, AD en de regionale deiblêden. It doel is om de krêft fan sport- en kultuerklups by safolle mooglik minsken yn de skynwerpers te setten.
Der binne yn Nederlân 50.000 ferieningen en stiftingen dy't neffens de inisjatyfnimmers it grutste sosjale netwurk fan it lân binne.
Stimme op Dweilorkest de Feintsjes kin via www.clubvanhetjaar.nl