Kollum: "Stront op de Omrop"

25 maaie 2019 - 08:20

"It is opfallend hoe fluch alles feroaret. Noch opfallender is hoe fluch minsken ferjitte hoe't de situaasje der in pear jier lyn hinne lei. Om ris in pear foarbylden te jaan: Tsien jier lyn smookten we yn in fuotbalstadion noch foar it faderlân wei. No is it in útsûndering as der noch immen ien opstekt.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Dizze wike rûkte ik de rook fan pyptabak, der stie in man foar in etalaazje nei binnen te sjen, wylst er de piip oan hie. Daliks wie ik foar myn gefoel wer even werom op de pleats yn Oranjewâld, dêr't myn heit ek altyd Echte Friesche Heerenbaai yn syn kromme piip die.

It oanstekken barde fansels mei lúsjefers fan Zwaluw. Earlik sein rûkte dat hearlik. Ik waard as jonge fan in jier as tsien altyd nei de Spar yn Mildaam stjoerd om by de famylje Peereboom in healpûn pyptabak op te heljen, sa gie dat doe. No smook ik gelokkich ek al jierren net mear.

It oare foarbyld wie op de radio en dus ek op de webside fan de Omrop. Dizze wike kaam yn in reportaazje fan Gerrit de Boer stront oan de oarder. As boeresoan harkje ik dan altyd even skerp, want je kinne noch sa lang fan de pleats wêze, boer bliuwe je oant yn de kiste. De reportaazje gie oer it skieden fan de jarre en de fêste fraksje fan kowestront.

Nochris, it is hiel bysûnder dat der no in generaasje bern grut wurdt dy't hielendal net folle oer in boerepleats wit, lit stean oer it skieden fan dongfraksjes. Want dat wie eartiids hiel normaal. Jarre kaam yn de kolk en stront op de dongbult.

Om even nei ús pleats werom te gean, heit hie in rûngeande mjukserij. De kij stienen op in Fryske stâl, mei de kop nei de muorre dus. As se skite of mige moasten, foel dat yn de groppe. Se rûnen dus net de hiele dei troch harren eigen stront, sa as dat nei de ynfiering fan de lisboksstâl it gefal waard.

Wy drukten op in knop en dan gie de stront automatysk de stâl út. De meinimmers draaiden de dikke fraksje daliks op de dongwein, dy't bûtendoar ûnder de transporteur stie. Op de ein fan de groppe siet in roaster. Alles dat wetterich wie, sakke dêr troch en ferdwûn yn de jarrekolk.

It is trouwens in misferstân dat yn dy putten mei jarre gjin blausoer ûntstie, ek yn de 60er 70er jierren kamen der boeren troch fergiftiging om it libben as se de jarrekolk skjinmeitsje woenen.

Sa gie it doe, no binne der nije matten op de merk dy't eins presys itselde dogge as de 'good old' mjukserij fan de CAF by heit en mem op de pleats. De dong skiede, sadat de tinne en de dikke fraksje brûkt wurde kinne om it lân fruchtber te meitsjen, sûnder it boaiemlibben te ferneatigjen.

In prachtich gefal fan de skiednis nij libben ynblaze. As der no ek noch wat strie troch de dikke fraksje mongen wurdt, gewoan troch it as struimiddel yn de lisboksen te brûken, komme we fansels werom yn de âlde situaasje fan bemesting fan de greiden.

Earlik sein bin ik hiel benijd oft dizze âlde, nije fynst troch de sektor omearme wurde sil. It soe moai wêze. Goed dat de Omrop der oandacht oan joech, dat is gâns better as polarisaasje tsjin de minsken dy't jo en my fan ús deistich iten foarsjogge."

(advertinsje)