Soad skea oan hûzen by brân yn Makkum

Yn in skuorre oan It Ferset yn Makkum is sneontemoarn betiid brân útbrutsen. De brânwacht koe net tefoaren komme dat it fjoer oersloech nei de bykeukens fan de wenningen derneist. De wenningen ha in soad skea oprûn.
© CAMJO Media
De helptsjinsten moasten deselde nacht nochris yn Makkum yn aksje komme. Der wie in melding fan in auto yn it wetter op de Holle Poarte.
Om't de Makkumer brânwacht al drok mei de brannen dwaande wie, is dêr it korps fan Parregea ynset. Troch noch ûnbekende oarsaak wie de wein út de bocht flein en yn de sleat telâne kaam.
Dûkers waarden ynset, mar it die bliken dat der gjin minsken mear yn de auto sieten.