Sherida Spitse wol harsels net tefolle druk oplizze yn oanrin nei WK

Noch twa wiken, en dan begjinne de fuotbalfroulju fan Oranje oan it WK yn Frankryk. Dizze wike hawwe Sherida Spitse fan Snits en Loes Geurts fan Hichtum har by de Oranjeseleksje oansluten, om har klear te meitsjen foar dizze striid. De froulju traine op it stuit op de KNVB-kampus yn Zeist. Oanfierder Spitse prate mei de NOS oer de spanning dy't der no is yn it team, en by harsels.
Spitse oer WK
Spitse hat in hiel soad ynterlâns spile, mar dochs hat se wol wat spanning nei it WK ta. "Ik weet hoe het is, maar gezonde spanning heb ik wel."
Fjouwer jier lyn stie Spitse ek al op in wrâldtoernoai, mar seit dat it no wol oars is. "Wij hebben het EK gewonnen en dan kijken mensen anders naar je. Er wordt wat anders van ons verwacht dan vier jaar geleden, maar dat is alleen maar mooi voor ons", seit Spitse.
We moeten het van wedstrijd tot wedstrijd bekijken en onszelf ook niet teveel druk opleggen.
Sherida Spitse
Wa't de favoriten binne, dêr kin se net in soad oer sizze. Elk lân hat goede kwaliteit neffens de âld-Snitser. It is wichtich dat se nei harren sels sjogge, fynt se. "De bal is rond, je weet nooit wat er gebeurt. We moeten het van wedstrijd tot wedstrijd bekijken en onszelf ook niet teveel druk opleggen. Dat is niet nodig. We zijn een collectief met elkaar en dat maakt ons sterk", seit Spits fol selsbetrouwen.
Se fielt gjin druk op har sels, omdat se as kollektyf just sa sterk binne. Dochs bliuwt se ek nuchter. "Als iedereen goed in vorm is, dan zijn we goed. Je kan het allemaal wel willen, maar het moet ook gebeuren."
Oft it deryn sit, om wrâldkampioen te wurde, dat lit se yn it midden. "Niemand had verwacht dat wij Europees Kampioen zouden worden. Dus zeg nooit, nooit."

Loes Geurts gjin earste keeper

Neist Sherida Spitse is Loes Geurts de twadde Friezinne dy't opnaam is yn de seleksje fan bûnscoach Sarina Wiegman. Freedtejûn makke Wiegman bekend dat Geurts net de earste keeper fan it Nederlânsk alvetal is, mar dat se it basisplak oan Sari van Veenendaal litte moat.