Motorrider ferwûne nei botsing tsjin ferkearsboerd by Hallum

24 maaie 2019 - 21:26

Op de Ljouwerterdyk by Hallum is freedtejûn in motorrider ferwûne rekke nei in botsing tsjin in ferkearsboerd op in rotonde. De motorrider rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en ried rjochttroch op de rotonde op de N357.

Foto: Srfotografie

Twa ambulânses wiene te plak om earste help te ferlienen. De motorrider is mei ûnbekende ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs. Ek de traumahelikopter wie yn earste ynstânsje oproppen, mar bliek net nedich te wêzen en waard ôfsein.

De dyk wie troch de plysje ôfslet en it ferkear moast omride. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)