Marit Bouwmeester sakket nei tredde plak op fiifde dei EK yn Porto

24 maaie 2019 - 20:24

By de iepen Europeeske kampioenskippen silen yn de Laser Radial is Marit Bouwmeester út Warten freed nei in tredde plak sakke. Op de fiifde dei einige Bouwmeester yn har njoggende en tsiende race op it fiifde en tredde plak.

Marit Bouwmeester - Foto: ANP

Dat wie net genôch om it twadde plak in it klassemint fêst te hâlden. Trochdat de Belgyske sylster Emma Plasschaert in goeie dei hie en nei in earste en twadde plak sylde, gie Plasschaert foarby Bouwmeester yn it klassemint. De Deenske Anne-Marie Rindom bliuwt op it earste plak stean.

Sneon is de lêste wedstriiddei oan de Portugeeske kust.

(advertinsje)
(advertinsje)