Meast fertutearze tsjerke fan Fryslân is no it pronkstik fan Dedzjum

24 maaie 2019 - 17:27

It wie de lêste tsjerklike boufal fan Fryslân, mar no is it in pronkstik: it tsjerkje fan Dedzjum is foar 800.000 euro hielendal restaurearre. Hast in jier lang stie it godshûs yn de stegers, dizze freed is de tsjerke offisjeel wer iepene.

De Stichting Alde Fryske Tsjerken naam it gebou yn 2014 oer fan de Protestantse Gemeente Tsjerkwert-Dedzjum. Al jierren wie der neat mear dien oan ûnderhâld. Mei de ynwenners fan Dedzjum waard der socht nei in nije funksje foar de tsjerke.

Doarpshûs

Om't Dedzjum gjin doarpshûs hat, woene de ynwenners graach dat harren tsjerke dizze funksje krije soe. Winsken: in romte om gear te kommen, in moetingsplak, in bêd en brochje. En as it kin ek noch in útkykpost yn de tsjerketoer. It bysûndere: it is allegear slagge.

Foto: Omrop Fryslân

Yn 2014 waard de tsjerke de meast fertutearze tsjerke fan Fryslân neamd. Der sieten in soad skuorren yn it gebou, de tsjerketoer wie net mear feilich, stiennen sieten los en de duorren wiene stikken.

Kosten

De renovaasje koste goed 800.000 euro. Oardel ton hat de stichting tegearre mei de ynwenners fan Dedzjum sels ophelle. In grut part fan it bedrach komt fan in anonime skinking. It keukentsje yn de fernijde tsjerke hawwe de ynwenners fan Dedzjum sels betelle.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld by de tsjerke fan Dedzjum

Fanút de tsjerketoer kinne toeristen de wide omjouwing fan Dedzjum sjen. Op in hichte fan 20 meter is in útkykpost makke. Wa't net nei boppe wol, kin yn it bêd en brochje op twa lytse telefyzjes meisjen. Der sitte nammentlik fjouwer kamera's oan de tsjerketoer fêst.

Foto: Omrop Fryslân

Neist alle feroaringen yn it gebou is de tsjerkeseal opknapt. Der is in nije ljochtynstallaasje yn de seal kaam en der hingje seis heaters om it yn de winter nofliker te meitsjen. Ien kear yn de moanne wurdt der noch in tsjerketsjinst holden. Op oare dagen kinne der no oare aktiviteiten organisearre wurde, want de tsjerkebanken binne net oan de flier fêstsetten.

Waarnimmend foarsitter Gerko Last fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken

(advertinsje)
(advertinsje)