Fryske PvdA is bliid, mar net út 'e skroeven

24 maaie 2019 - 17:03

Yn it reade bolwurk Harns groeide de PvdA by de lêste riedsferkiezingen fan 3 nei 5 sitten, in selde sprong as no yn Europa. Foar de Harnzer sosjaal-demokraten komt de winst likegoed as in ferrassing. "Hjir hiene we wol op hope, mar net op rekkene", seit PvdA-riedslid Bartele Boersma.

It jonge riedslid hat goeie persoanlike kontakten mei de PvdA-fraksje yn it Europeesk Parlemint, omdat er dêr in skoft wurke hat. De winst is neffens him net allinnich oan boechbyld Timmermans te tankjen, mar ek oan de ynset fan de Europarlemintariërs Agnes Jongerius, Kati Piri en Paul Tang. "De PvdA-fraksje yn Brussel striidt tsjin belestingûntdûking troch grutte bedriuwen en foar minskerjochten. Belangryk wurk. Ik hoopje dat de minsken dat ek sjogge", seit Boersma.

Bartele Boersma, gemeenteriedslid yn Harns, hat in skoft foar de PvdA yn Brussel wurke

PvdA'ers Hans Konst en Bartele Boersma reagearje bliid ferrast - Foto: Omrop Fryslân

Foarsitter Hans Konst tinkt dat de winst benammen te tankjen is oan de 'pro-Europeeske kampanje' fan listlûker Frans Timmermans. "Nim fan my oan: al dat gepraat oer Nexit en de gûne wer werom, dêr hat de gewoane man hielendal neat mei. Us takomst leit yn Europa; in stim op de PvdA wie in stim foar Nederlân yn de Europeeske Uny."

De gewoane man

Konst giet der fan út dat de goeie útslach foar Europa 'in positive útsjitter' is. Om de opgeande line fêst te hâlden sil de PvdA 'keihurd wurkje' moatte, mei foaral it belang fan 'de gewoane man' foar eagen. "Mei ûnwisse banen en te lege leanen profitearret de gewoane man ûnfoldwaande fan de Europeeske Uny. Timmermans moat der de kommende jierren hurd oan wurkje dat Europa mear 'fan de gewoane man' wurdt en dy mooglikheid is der neffens my ek."

Foarsitter Hans Konst fan de PvdA yn Fryslân

De winst fan de PvdA is it nijs fan de dei.... - Foto: Omrop Fryslân

In útslach fan fiif sitten yn it Europeesk Parlemint betsjut dat de PvdA foar de Twadde Keamer yn alle gefallen yn teory in kiezerspotinsjeel hat fan mar leafst tritich sitten en dat is folle mear as de njoggen sitten fan no.

By de sosjaal-demokraten is der lykwols noch net ien dy't dat lûdop seit. Dêrfoar is de útsjitter fan dizze wike noch te ynsidinteel. "Mar ik bin der fan oertsjûge dat der kânsen lizze foar de Partij van de Arbeid."

(advertinsje)
(advertinsje)