Acht jier foar oerfal Easterwâlde

10 nov 2011 - 15:22
Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de twa haadfertochten fan in oerfal op in hûs yn Easterwâlde moat acht jier de sel yn. De straf foar de 29-jierrige man is twa jier langer as tsjin him easke wie. De rjochter fynt it feit dat er de oerfal sa goed taret hat en dat er de slachtoffers sa bot mishannele hat reden foar de hegere straf.

De oare haadfertochte is troch de rjochter frijsprutsen fanwege te min bewiis. Tsjin him wie ek seis jier sel easke. In tredde fertochte is ek frijsprutsen fanwege te min bewiis. De saak tsjin in fjirde fertochte moat noch behannele wurde. De fertochten soene yn ferbrewaris dit jier by in hûs oan De Fenne yn Easterwâlde oanbelle hawwe. Se bûnen de bewenners fêst en mishannelen harren. Underwilens trochsochten se it hûs.

Trefwurden: 
rjochtsaak
(Advertinsje)
(Advertinsje)