'Wykein fan it Begraafplak' yn Fryslân: net makaber, mar fol ferhalen

24 maaie 2019 - 16:49

Seis begraafplakken yn Fryslân dogge mei oan it saneamde 'Wykein fan it Begraafplak.' Der binne op 24 oant en mei 26 maaie benammen rûnliedingen op dizze begraafplakken: de behearders fertelle bygelyks oer de ferhalen efter guon grêfstiennen. It tema is dit jier: 'In plak foar ferhalen.'

Yn Easterwâlde nimme sy it tema letterlik. Stichting Begraafplaatsen Oosterwolde en Fochteloo hat der in ferhalewedstriid oan keppele. Minsken kinne in ferhaal ynstjoere oer bygelyks in persoan op it begraafplak, it ferhaal efter in grêfstien of gewoan in ferhaal oer harren bining mei it begraafplak.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld op it begraafplak yn Easterwâlde

Yn Elslo binne foar it earst twa nije struifjilden te besjen. Ien struifjild is foar folwoeksenen en de oare foar bern. Op it begraafplak fan Elslo lizze in hiel soad bern dy't noait registrearre binne. Dêrfoar is no ek in monumint makke, dy stiet op it struifjild foar bern.

Grêftrommels

Dêrneist binne der njoggen grêftrommels te sjen. Dat binne trommels mei blomfersiersels fan porslein. Benammen tusken 1920 en 1945 binne der in soad makke grêftrommels makke.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld op it begraafplak fan Elslo

Dizze begraafplakken binne op fan 24 oant en mei 26 maaie iepen yn it 'Weekend van de Begraafplaats':

- Driezum

- Elslo

- Drylts

- Nijhoarne

- Nijskoat

- Easterwâlde

(advertinsje)
(advertinsje)