100-jierrige gerdinefabryk Vriesco fan no ôf keninklik

24 maaie 2019 - 16:09

It gerdinefabryk Vriesco út Ljouwert mei him fan no ôf keninklik neame. Kommissaris fan de Kening Arno Brok makke dat freedtemiddei bekend ûnder de fiering fan it hûndertjierrich jubileum fan it bedriuw. It is de 31ste Fryske ûndernimming dy't dit predikaat krigen hat.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Vriesco International Fabrics BV sette yn 1919 útein as meubelmagazyn op de Nieuweburen yn Ljouwert. Nei in tal ferhuzingen sit it bedriuw no al in heale iuw oan de Troelstrawei yn Ljouwert. Dêr lei Vriesco har hieltyd mear ta op it meitsjen fan gerdinen.

Al inkelde desennia is it bedriuw merklieder yn de Benelux op it mêd fan op maat makke gerdinen. De eksport is hieltyd fierder tanommen.

Kommissaris Brok priizge de ynset fan it bedriuw en fynt it in foarbyld foar oare bedriuwen dy't eksportearre wolle. Ek it sosjale klimaat yn it bedriuw en de ynset foar de mienskip, benammen op it mêd fan (sport)sponsoring, waard troch Brok beneamd.

(advertinsje)
(advertinsje)