Gemeente Ljouwert selektearre foar de oanlis fan trije 'Tiny Forests'

24 maaie 2019 - 16:08

Gemeente Ljouwert krijt trije miny-boskjes, elts lyk sa grut as in tennisbaan. Dizze saneamde 'Tiny Forests' binne in inisjatyf fan it Instituut voor Natuureducatie en Duurzaamheid (IVN). Sûnt maart koene Nederlânske gemeenten harren opjaan foar de oanlis fan dizze lânseigen boskjes. Ljouwert is ien fan de 15 selektearre gemeenten.

Bosk - Foto: Shutterstock.com

Mei stipe fan de Postcodeloterij krijt gemeente Ljouwert 22.500 euro om de boskjes oan te lizzen. It earste boskje sil yn novimber 2019 oanlein wurde by de IKC Prins Mauritsskoalle yn de wyk Bilgaard.

Klimaatfreonlike boskjes

It IVN is in organisaasje dy't dwaande is mei natueredukaasje en -belibbing. De boskjes moatte soargje foar ferkuolling, mear bioferskaat en in bettere wetterberging by rein.

'Bijzonder buitenlokaal'

"De combinatie van onderwijs, gezondheid en biodiversiteit was een belangrijke reden om ons als gemeente aan te melden," seit wethâlder Van Gelder. "Op deze manier leren leerlingen op een speelse manier met de natuur om te gaan in een bijzonder buitenlokaal."

Wêr't de oare twa boskjes komme, moat yn 2020 bekend wurde. De gemeente wol de boskjes it leafst by skoallen oanlizze. Mei in spesjaal lesprogramma moatte bern oplaat wurde ta 'rangers' en de bosk ûnderhâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)