Fergeze trailerhelling oan Skieppedykje Harns ticht

24 maaie 2019 - 15:54

De fergeze trailerhelling oan it Skieppedykje yn Harns is tenei sletten. Dat hat de gemeente dien ûnder druk fan de Autoriteit Consument & Markt. Neffens de ACM is der sprake fan ûnearlike konkurrinsje mei de ûndernimmer Jan Drijfhout, dy't fierderop in trailerhelling hat, dêr't minsken foar betelje moatte.

Foto: Google streetview

De helling oan it Skieppedykje is noch mar ien jier yn gebrûk. Earder wie der in iepenbere trailerhelling oan de Spoordyk yn Harns. Doe't dy sletten waard, hat de gemeente oan it Skieppedykje in helling makke. Dat hat de gemeente goed 119.000 euro koste.

Undernimmer Jan Drijfhout wie it dêr net mei iens en tsjinne in klacht yn oer ûnearlike konkurrinsje by it ACM. It ACM joech de ûndernimmer gelyk, omdat de gemeente de kosten foar de helling net trochberekkenet oan brûkers, is de konkurrinsje ûnearlik.

De gemeente kaam dêrnei mei in ferhierplan foar de helling oan fiskferieningen, mar makke dy plannen net konkreet. Salang't de gemeente de kosten fan de helling net trochberekkenet oan de brûkers, hat it ACM de gemeente no in twangsom oplein fan 2.500 euro yn de wike, oant de oerienkomst mei de fiskferieningen net rûn is.

De gemeente hat dêrom de trailerhelling foarearst sletten.

(advertinsje)
(advertinsje)