Earste nije spiler Cambuur: Calvin Mac-Intosch komt werom

Sportklup Cambuur hat de earste nije spiler foar takom seizoen binnen. Ferdigener Calvin Mac-Intosch, dy't earder ek alris foar de Ljouwerters spile, komt werom. Hy tekenet foar twa seizoenen.
Calvin Mac-Intosh © SC Cambuur
It ôfrûne jier spile Mac-Intosch foar Fortuna Sittard yn de earedifyzje. Dêr rûn syn kontrakt ôf. Earder spile er ek foar Telstar, Almere en yn Ingelân foar Port Vale.
Yn de seizoenen 2014/2015 en 2015/2016 spile de no 29-jierrige Mac-Intosch mei Cambuur yn de earedifyzje. Yn dy jierren wie Henk de Jong trainer fan de Ljouwerters. Hy komt takom seizoen ek werom, mei Sandor van der Heide as assistint.

'Stabyl en betrouber'

"Calvin is een stabiele en betrouwbare speler die de nodige ervaring met zich meebrengt", seit Foeke Booy, technysk manager fan SC Cambuur. "Daarnaast heeft hij eerder gewerkt met Henk en Sandor en is hij bekend met de speelwijze. Dat is zeker een voordeel en we zijn dan ook blij dat we hem er volgend seizoen bij hebben."