Earste tariedingen foar de 89 wynturbines by de Iselmar op 'e planning

24 maaie 2019 - 15:31

De tariedingen foar de pleatsing fan 89 wynturbines yn 'e Iselmar binne úteinset. De kommende perioade wurde der earst heechspanningskabels oanlein foar Wynpark Fryslân. De ferkearssituaasje tusken Breesândyk en Koarnwertersân sil dêrom oanpast wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Sa moat it ferkear tydlik yn beide rjochtingen oer ien rydbaan. Dy situaasje duorret nei alle gedachten oant de ein fan 2019.

Der wurde ek ljochtmêsten, ferkearsbuorden en flechthavens oanlein. De bou fan it wynpark moat sawat twa jier duorje. Takom jier moatte de earste turbines al draaie, in jier letter moat Windpark Fryslân klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)