Bysûnder Koreaansk porslein yn keramykmuseum Ljouwert

24 maaie 2019 - 15:10

Yn keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert binne fan no ôf twa seldsume komkes fan Koreaansk porslein te sjen. It museum hat de komkes in skoft yn brûklien krigen fan de Ottema-Kingma Stichting.

Foto: Ottema-Kingma Stichting

De bysûndere foarwerpen hearre by de keizerlike ûnen fan de saneamde Joseon-dynasty. Se komme út de lette 15 iuw of begjin 16e iuw. Yn de tentoanstelling 'Van Oost naar West' binne de komkes in belangrike skeakel tusken Sina en Japan en de ûntwikkeling fan porslein, sa lit it keramykmuseum witte.

Ottema-Kingma Stichting

De Ottema-Kingma Stichting hat ta doel de keunst- en kultuerhistoarje yn Fryslân te befoarderjen. De stichting hat in kolleksje fan 30.000 objekten yn harren besit, dy't se oan musea en oare ynstellingen útliene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)