In nije taalgame moat it fuortset ûnderwiis wer Frysk staverje litte

24 maaie 2019 - 15:03

Taalynstitút Afûk hat in nij learmiddel foar it fuortset ûnderwiis lansearre: de taalgame Twastriid. De game sit grôtfol oefeningen op it mêd fan de Fryske stavering. Yn de boekwinkel yn Ljouwert wie tongersdei de presintaasje, wêrby't learlingen fan CSG Liudger út Burgum in spesjale spulshow mei taalfragen wûn hawwe.

De lansearring fan de nije game foar it fak Frysk - Foto: AFUK

De nije game is ûnderdiel fan de digitale metoade Searje 36. De klassen dy't de game spylje, wurde automatysk yndield yn twa groepen. Dêr referearret de namme Twastriid oan.

Testskoallen

In tal skoallen hawwe it spultsje útprobearre yn de oanrin nei de lansearring ta. Neffens Afûk binne de reaksjes posityf. Learkrêften sjogge benammen it gearwurkjen tusken learlingen en it adaptive karakter fan it spul as pluspunten. Dosinten kinne folgje hoe't de learlingen it dogge.

De spulshow waard presintearre troch Folkert Wesseling. De winners út Burgum hawwe in útstapke wûn.

Trefwurden: 
Frysk Afûk game Twastriid
(advertinsje)
(advertinsje)