Fertochte sjitpartij Thialf net fjoerwapengefaarlik neffens eks-frou

24 maaie 2019 - 14:56

De fertochte yn de Thialf-saak is net fjoerwapengefaarlik. Dat hat de eks-frou freed oan de rjochtbank witte litten. Har ferklearring giet mei yn it dossier.

Foto: CAMJO Media

Yn de behanneling fan de saak twa wike lyn, waard sein dat de eks-partner tsjinoer de plysje ferklearre hat dat Charles van der W. fjoerwapengefaarlik wêze soe. Doe't se dat yn in live-twitterferslach fan ien fan de oanwêzige sjoernalisten werom lies, luts se oan de belle en liet witte dat se dat nea sein hie.

Neffens advokaat Tim Vis fan de fertochte, is it belangryk dat dizze nuansearring yn it dossier foege wurdt. "Het is van belang, zeker in deze zaak die voor een groot deel berust op beeldvorming."

Twa wike lyn waard tsjin de 57-jierrige Charles van der W. fiif jier sel easke omdat hy yn jannewaris 2017 op it parkearterrein by Thialf op Clafis-direkteur Bert Jonker sketten hawwe soe. De rjochtbank docht op 5 juny útspraak.

Trefwurden: 
fjoerwapen Thialf Bert Jonker
(advertinsje)
(advertinsje)