Hoe komt it mei de twa basisskoallen yn Twizelerheide?

24 maaie 2019 - 14:25

De bestjoerders fan basisskoallen De Reinbôge en It Twaspan yn Twizelerheide besykje oft de skoallen mear gearwurkje kinne. Gemeente Achtkarspelen wurket mei oan it inisjatyf en joech earder al grien ljocht foar in nij ûnderkommen foar de skoallen. Mar it is oan de beide bestjoeren en de âlden fan de bern oft de skoallen ien gearwurkingsskoalle foarmje moatte.

It Twaspan, ien fan de twa basisskoallen yn Twizelerheide - Foto: Atze van der Ploeg, Omrop Fryslân

De skoallen falle ûnder Noventa, in feriening foar kristlik primêr ûnderwiis yn Achtkarspelen, en stichting Roobol (Regionaal Orgaan Openbaar Basisonderwijs Lauwersland). De bestjoerders jouwe oan dat gearwurking in stap wêze kin ta ien gearwurkingsskoalle, mar dat dit op dit stuit noch net oan 'e oarder is.

Op guon oare plakken yn Achtkarspelen binne wol gearwurkingsskoallen ûntstien, lykas yn Boelensloane. Mar oft Twizelerheide dêr klear foar is, dat is de fraach.

Skoallen ûnder ien dak

De bestjoerders hawwe earder al oan Achtkarspelen frege oft de gemeente rekken hâlde kin mei nijbou fan in basisskoalle. Der is finansjele romte holden yn it saneamde 'Integraal Huisvestingsplan' dat op 25 april troch de gemeenteried fêststeld is. Dêr stiet yn wat der de kommende 10 oant 15 jier mei de skoalgebouwen barre moat.

De skoallen soene yn in multyfunksjoneel gebou komme moatte mei fleksibele romten, sa die yn maaie bliken. De skoallen kampe hjoed-de-dei mei datearre gebouwen en romtegebrek.

Gemeente gjin sizzenskip oer beslútfoarming

Achtkarspelen is as gemeente in foarstanner fan gearwurking, sa seit de skoalle, mar hat gjin foech yn it proses. De beide skoallen hawwe de âlden fan de bern yntusken op 'e hichte brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)