Mitchell van Bergen en Sherel Floranus oproppen foar Jong Oranje

Mitchell van Bergen (19) en Sherel Floranus (20) fan SC Hearrenfean binne oproppen foar Jong Oranje. Foar Van Bergen is it de earste kear dat er yn de seleksje sit, Floranus makke syn debút ferline jier. Jong Oranje spilet 31 maaie in oefenwedstriid tsjin Mexcio.
© ANP
Van Bergen giet mei goede sifers nei Jong Oranje. Sa spile hy by de Feansters 30 wedstriden yn de kompetysje. Dêryn skoarde hy 7 kear en joech hy 2 assists. De jonge bûtenspiler kaam ôfrûne simmer oer út de jeugd van Vitesse.
Sherel Floranus kende by syn debútseizoen op It Hearrenfean in dreech seizoen. Hy spile 21 wedstriden foar Hearrenfean en joech in assist, mar de lêste moannen waard hy passearre troch trainers Jan Olde Riekerink en Johnny Jansen. Ek hie de jonge rjochtsback lêst fan blessueres.