Kuorballer Tim Flokstra ferlit LDODK foar TOP (S)

24 maaie 2019 - 13:50

LDODK-spiler Tim Flokstra spilet takom seizoen foar kuorbalferiening kv TOP út Sassenheim. Dat makket de 22-jierrige Hoogkerker freed bekend op de webside fan kv TOP. Flokstra spile yn it ferline by Hoogkerk, it Grinzer Nic. en is dwaande mei syn twadde seizoen by LDODK.

Tim Flokstra mei nr. 12 - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Flokstra wennet sûnt ferline jier yn Amsterdam. It op en del reizgjen tusken Fryslân en Amsterdam kostet him in soad ynspanning en is eins net mear goed te kombinearjen mei syn stúdzje. Hoewol't hy it tige nei it sin hie op De Gordyk, kiest hy no dêrom foar in klup tichter by hûs.

Ferline jier waard Flokstra noch keazen ta grutste talint yn de Kuorbal League. TOP wie ferline jier sealkampioen en is dit seizoen mei LDODK, PKC en DOS'46 noch yn de race foar de Nederlânske fjildtitel.

(advertinsje)