Freedsmerk: "Wa't it Frysk net ferstiet, set 'em mar op in oare stjoerder!"

24 maaie 2019 - 13:37

"Wa't it Frysk net ferstiet, set 'em mar op in oare stjoerder!", dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer de suggestje dat de Omrop ek yn it Nederlânsk útstjoere moatte soe. Dy suggestje kaam fan 'e wike fan steatelid Erwin Jousma fan Forum voor Democratie.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It idee fan Jousma koe op de freedsmerk net op in soad stipe rekkenje: "Ik ben Nederlandstalig, maar vind het juist mooi dat de Omrop in het Fries uitzendt. Dat is prima te verstaan". In oar die de suggestje om yn ien sintsje te ferwizen nei de Afûk en dat je dêr wol in kursus krije kinne.

In ynwenster fan Skotlân wie op dit stuit yn Ljouwert foar in kongres fan minderheidstalen. Sy wiisde op it belang om de eigen taal fêst te hâlden. "In Schotland hebben we ook een radiostation yn Gaelic. Maar als daar een gast iets in het Engels zegt, duurt het vaak maar even totdat iedereen overschakelt. Dat moet je ècht niet doen!"

"Wa't hjir hinne komt, moat him oanpasse, ek yn de taal", wie in oare heldere miening. In échte keapman hold noch wol in slach om 'e earm: "As jim dêr no moai wat jild foar krije kinne, soe 'k it al dwaan. Sa no en dan in heal oerke en dêr dan nei in skoftsje stikem wer mei ophâlde."

Ien merkkeapman fielde der wol wat foar om te fariearjen yn de taal. "Er wonen hier ook veel studenten van elders. Vaak uit het buitenland. Maar nee, om dan maar Engels te gebruiken, dat gaat mij ook te ver."

Ferslachjouwer René Koster hifke de mieningen op de freedsmerk oer Nederlânsk by de Omrop

(Advertinsje)
(Advertinsje)