Nije foarsitter foar stichtingsbestjoer SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat in nije foarsiter fan it stichtingsbestjoer: it giet om de 56-jierrige Fedde Pronk.
It Abe Lenstra Stadion © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Pronk hat bestjoersûnderfining yn de finansjele- en duorsume wrâld. Yn it ferline wie hy algemien direkteur fan Sportstad Heerenveen. Op it stuit is hy mei-eigener fan The Green World Company.
Fierder is de 72-jierrige Henny Groot Kormelink taheakke oan de Ried fan Kommissarissen. Dy bestiet no njonken Groot Kormelink út foarsitter Egbert van Hes en Willem Jan van Elsacker en is dêrmei wer kompleet.