Nyck de Vries wint Formule 2-race yn Monako

24 maaie 2019 - 13:09

Autokoereur Nyck de Vries hat de Formule 2-race fan Monako wûn. Yn it foarstedom ried de Twellingeaster, dy't fan poleposition starte, de hiele wedstriid oan kop.

Foto: ANP

De Vries hie healwei de race in moaie foarsprong opboud, mar nei tweintich fan de 41 rûntsjes waard de race stillein. Reden dêrfoar wie dat in diel fan de baan blokkearre wie nei in mislearre ynhelaksje fan Mick Schumacher. De Vries bleau koprinner, mar wie syn foarsprong fan seis sekonden op de konkurrinsje kwyt.

Nei in healoere gie de wedstriid wer fierder. De Vries wie op 'e nij goed fuort. Fiif rûntsjes foar de finish gie De Vries de pitstop yn, mar dat koe er ha, want dêrnei lei er noch hieltyd earste. Dy kopposysje stie er net mear ôf.

Twa wiken lyn wie De Vries ek al de rapste yn de sprintrace fan Barcelona. Dat wie syn earste oerwinning fan dit seizoen.

Sneon oan de ein fan de middei stiet de sprintrace fan Monako op it programma. Twa jier lyn wûn De Vries dy sprintrace.

(advertinsje)