KNKB skorst Daniël Iseger foar trije wedstriden

24 maaie 2019 - 12:51

Daniël Iseger is troch de strafkommisje fan it keatsbûn KNKB skorst foar trije wedstriden. De skorsing giet op 30 maaie yn.

Daniël Iseger - Foto: Henk Bootsma

Iseger hat op 28 april yn Weidum keatst foar de ôfdieling OG Huzum, wylst hy neffens de KNKB, as ynwenner fan de Ljouwerter wyk Suderbuorren, útkomme moatten hie foar de ôfdieling Goutum.

De strafkommisje hat neffens KNKB-direkteur Marco Hoekstra "in soarchfâldige en goed oerwage" útspraak dien. Der spilet ek noch in kwestje mei de freondinne fan Iseger, Manon Scheepstra. Sy hat ek foar Huzum keatst en wûn op 4 maaie foar dy ôfdieling de earste priis yn Frjentsjer.

Net tefreden oer antwurd Scheepstra

De KNKB hat Scheepstra frege nei har wenplak. Neffens Hoekstra is der op dy fraach wol in antwurd kaam, mar is de KNKB oer dat antwurd noch net tefreden. "Ik hoopje dat we der op koarte termyn útkomme kinne. Wat dat betsjut? Dat Manon earlik fertelt wêr't sy wennet. Wy hawwe nei ús idee no noch net alles op tafel en dat wolle wy wol. Ik wol it suver hâlde en ik kin der no net mear oer sizze."

It keatsbûn hopet yn dizze saak nije wike mear dúdlikheid te jaan, lit direkteur Hoekstra witte.

Trefwurden: 
keatsen KNKB Daniël Iseger
(advertinsje)
(advertinsje)