Frou mei scootmobyl ramt de HEMA yn Easterwâlde

In frou botste freedtemoarn mei har scootmobyl tsjin de skodoar fan de HEMA yn Easterwâlde. Wat de oarsaak fan de clash wie, is net bekend.
De skodoar fan it warehûs is behoarlik skansearre © De Vries Media
De frou is nei de tiid ûndersocht troch ambulânsepersoniel, mar it die bliken dat it net needsaaklik wie dat sy mei moast nei it sikehûs.
It warehûs yn Easterwâlde moat it tydlik mei in yngong minder dwaan. De tagong oan de Stasjonstrjitte is noch wol yn gebrûk.