Twa nije spylsters foar VC Snits

24 maaie 2019 - 12:18
Foto: Orange Pictures

Danique Aardema is 21 jier en hat har follybaloplieding by Emmen hân. De lêste jierren spile se yn Spanje en Dútslân. Mable Hengeveld is 23 jier en spile de ôfrûne jierren yn de topdifyzje foar PDK Huizen.

Ofrûne wike setten de tariedingen foar it nije seizoen útein. Beide nije spylsters traine al mei, mar Hengeveld rekke blessearre by de de training. It is noch net bekend hoe lang oft it duorje sil foar't sy wer spylje kin. De seleksje is no hast rûn. Der wurdt noch nei ien passer-loper socht. Dy soe mooglik ek út de eigen jeugd of út it twadde team komme kinne.

Europeesk aventoer

Mei de gemeente Súdwest-Fryslân is oerlis oer in mooglik Europeesk aventoer. De froulju binne kwalifisearre, mar in dielname is wol djoer. Ek yn 2017 hat VC Snits op Europeesk nivo spile. Mei de ûnderfining fan doe moat it neffens it bestjoer mooglik wêze om it no ek wer foarinoar te krijen.

(advertinsje)