Lintsje foar bestjoerder Linda Terpstra fan helpferlieningsynstânsje Fier

24 maaie 2019 - 12:00

Foarsitter Linda Terpstra fan de ried fan bestjoer fan helpferlieningsgorganisaasje Fier yn Ljouwert is beneamd ta Officier in de Orde van Oranje-Nassau. De keninklike ûnderskieding is freed útrikt troch boargemaster Ferd Crone by de fiering fan it 20-jierrich jubileum fan de Ljouwerter opfang Asja.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Terpstra stie oan de widze fan it lanlike ekspertize- en behannelsintrum Fier, dat minsken helpt dy't te krijen hân mei húslik geweld of agresje binnen relaasjes. Dan giet it bygelyks om famkes dy't slachtoffer wurden binne fan loverboys, of fan earewraak.

Se rjochte ek in tal oare helpferlieningsorganisaasjes op, op dat mêd. Terpstra stipet ek oare organisaasjes dy't soartgelikense helpferliening opsette wol.

(advertinsje)
(advertinsje)