Gijs van Solkema út Snits yn it nasjonale follybalteam

24 maaie 2019 - 11:54

De 21-jierrige Gijs van Solkema fan Snits spilet op 25 maaie mei it nasjonale follybalteam tsjin Kroäsië yn de Golden European League. De spulferdieler is selektearre troch de nije bûnscoach Roberto Piazza. De fêste earste spulferdieler fan Nederlân, Daan van Haarlem, is der net by. Dat makket it paad frij foar Gijs van Solkema, dy't foar it earst by it nasjonale team sit.

Gijs van Solkema - Foto: Omrop Fryslân

Der is hast in generaasje oerhinne gien foar't der wer in Fries diel útmakket fan it Nederlânske team nei de gloarjejierren mei Jan Posthuma, Ronald Zoodsma, Olof van der Meulen en Richard Schuil. De neef fan Gijs van Solkema, Rik van Solkema, stie ek op de longlist fan 26 spilers, mar hy foel ôf foar de wedstriid tsjin Kroäsië.

(Advertinsje)
(Advertinsje)