Beweechber part nije brêge Dronryp "stapke foar stapke" ynskood

24 maaie 2019 - 11:34

In hichtepunt tongersdeitenacht by de bou fan de nije brêge by Dronryp: stapke foar stapke is it fal, it beweechbere part fan de brêge, pleatst. Neffens projektlieder Hotze Brouwer fan de provinsje ferrûn it wurk foarspoedich.

It pleatsen fan it beweechbere part fan de brêge komt hiel presys. "We ha it ynriden fan in ponton ôf en dat giet op in gegeven momint sintimeter foar sintimeter", fertelt Brouwer. "It liket soms as gebeurt der hast neat, mar it giet echt stapke foar stapke."

It wurk is noch net dien. Freed wurde de earste pylders steld en der moat noch beton oanbrocht wurde ûnder de pylders. Dêrnei kin oan dat part mei de ôfwurking begûn wurde. Kommende wike wurde der noch mear pylders pleatst en de restearjende parten fan de brêge, dy't út Seelân komme moatte.

Ynnovatyf

De nije brêge oer it Van Harinxmakanaal is in ynnovatyf bouwurk. Sa wurde der 'lûdsearme foechoergongen' oanbrocht. "As je oer in brêge ride, hearre je faak it bannelûd. Dizze foegen binne lûdsearm. Se kinne de kommende hûndert jier mei, dus as it goed is, hoege we dêr foarearst gjin ûnderhâld oan te dwaan."

De brêge is op it stuit ticht foar sawol de skipfeart as it autoferkear. Fan sneintemoarn 9 oere ôf kinne der wer boaten del. De ferwachting is dat ein juny de brêge ek iepen kin foar it autoferkear.

Projektlieder Hotze Brouwer fan de provinsje oer de nije brêge fan Dronryp

Trefwurden: 
brêge Dronryp
(Advertinsje)
(Advertinsje)