Aldfryske muorreskildering yn Grinslân net skansearre troch ierdskodding

24 maaie 2019 - 11:27

It Grinzer doarp Westerwijtwerd wie ôfrûne woansdei it episintrum fan in ierdskodding dy't op in soad plakken yn Grinslân te fielen wie. Yn de tsjerke fan it doarp is in 14e-iuwske muorreskildering te sjen fan twa Fryske kampfjochters. De Aldfryske tekening is aldergeloks net skansearre troch de bevingen.

De midsiuwske muorreskildering fan de Aldfryske kampfjochters - Foto: Wikimedia Commons

De ierdskodding begûn op 22 maaie om 5.49 oere en hie in krêft fan 3,4 op de skaal fan Richter. It wie ien fan de swierste ierdskoddings ea yn Grinslân. Sels yn de stêd Grins wie de beving te fielen. Nei de ierdskodding binne der mear as 900 skeameldingen dien by de Tijdelijke Commissie Mijnbouwschade Groningen.

Westerwijtwerd is it plak dêr't yn de tsjerke in wichtige muorreskildering hinget. Dizze primitive tekening stammet al út de 14e iuw. Der binne twa Fryske kampfjochters op te sjen. Dit fresko is aldergeloks net skansearre troch de ierdskodding.

Wichtich foar de Fryske skiednis

Yn de iere midsiuwen foel Grinslân ek noch ûnder it grutte Fryske ryk. De tekening lit sjen dat der yn it grutte Fryslân doe in 'fetemaatskippij' wie. Sûnder in heger gesach besljochten Fryske adellike lju harren skelen ûnderling, mei bygelyks in kampgefjocht. Ut dy tiid is der net folle bewarre bleaun, dêrom is dizze muorreskildering fan grutte wearde, ek foar Fryslân.

Om't de wapens en de klaaiïng 12e iuwsk lykje, is it fresko wierskynlik makke nei in foarbyld út de 12e iuw. De krigers hawwe in typysk Fryske hierdracht, in wichtich statussymboal foar machtige Friezen yn de midsiuwen. By in restauraasje fan de tsjerke yn 1897 foel in stik fan it plasterwurk ôf, sa is de tekening ûntdutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)