Radio meitsje op it Fries Straatfestival: "It is hearlik om dêr middenyn te sitten!"

24 maaie 2019 - 11:04

Alle jierren wer is Ljouwert it poadium fan de acts fan it Fries StraatFestival. Dit jier slút ek Omrop Fryslân oan mei it radioprogramma Sneon yn Fryslân fan presintatrise Diana de Groot. Dêr komt in hiel soad by sjen. Hoe sit sa'n lokaasje-útstjoering yn inoar en wêr kin Diana no écht net sûnder op sa'n dei? Wy fregen it har.

Foto: Omrop Fryslân

Wêrom radio meitsje op lokaasje en net yn de studio?

"Wy fine it as radiomakkers geweldich om ek ris rjochtstreeks yn kontakt te kommen mei ús publyk, mei de harkers. En dat kin as wy op lokaasje binne. By sokke útstjoeringen komme minsken somtiden efter my stean. Sa kinne se meisjen mei wat ik doch efter de mingtafel en hoe't it platen start of jingles draai. Diskear steane wy mei in grut poadium op it Waagplein, tichtby it byld fan it Frysk hynder: in prachtplakje!"

Wat silst dwaan op it StraatFestival?

Ik presintearje dus de radio-útstjoering, mar der binne noch folle mear minsken mei my oan it wurk. Foar de útstjoering wurkje ik gear mei in produser dy't items tariedt en de útstjoering eins betinkt en opbout. Dan binne der noch de kameraminsken en in regisseur, it programma is nammentlik ek op TV te sjen, in audiotechnikus dy't yn de gaten hâldt dat alles goed klinkt en trochkomt by de minsken thús en in ferslachjouwer, Geert van Tuinen, dy't oer it festival rint om fan oare saken ferslach te dwaan. Dêrneist wolle wy dat minsken by it poadium ek wat dwaan kinne. Dêrfoar komt ús promoteam mei. Sy sille mei it publyk it spultsje de 'Wylde wurd striid', bekend fan it SkoalTV programma Tsjek, dwaan. Hjiryn moatte fjouwer minsken sa rap mooglik yn letterpakken in ferskaat oan wurden foarmje. Fansels krije dy minsken ek in moaie Omrop-sinnebril ;)!"

It Omrop Fryslân-poadium by it Fashion Weekend yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân

Wat is dêr moai oan it radio meitsjen op in evenemint?

"Op it strjitfestival komme in protte minsken, dat jout in hiel soad gesellichheid. It is hearlik om dêr middenyn te sitten."

Wat moat der allegearre barre om de hiele 'studio' op lokaasje te krijen?

"Earst moat fansels it poadium opboud wurde, mei it ljocht, de logo's fan Omrop Fryslân en de lûdsprekkers. Fierder hawwe wy in eigen mobile studio. Dy wurdt deis foar de útstjoering yn in buske laden en dan op de dei sels hielendal ynstallearre en ferbûn mei mei de ferbiningswein, efter it poadium. Om't Sneon yn Fryslân ek op TV is, moatte dêrnei de kamera's pleatst en oansletten wurde. Al mei al kostet dat wol in pear oeren."

Hasto ek wat dêr'tst op sa'n dei net sûnder kinst?

"Kofje en broadsjes. O, ja en in wc!"

Sneon yn Fryslân op it StraatFestival is 25 maaie fan 13.00 oant 18.00 op radio en telefyzje te folgjen. Mear ynformaasje oer it Fries Straatfestival is te finen op harren webside.

(advertinsje)
(advertinsje)