Kollum: "Botoksbeppes"

24 maaie 2019 - 09:10

"Ferline wike wiene wy mei de bern op fakânsje nei Ibiza, dus ik koe it stof fan de jurkjes en slippers blaze. Ik bin net sa'n strântiger. It is my gau te hyt om folút yn 'e sinne te lizzen, wylst ik it wetter te kâld fyn om yn te swimmen. Dus siet ik ûnder de parasol om my hinne te sjen en ik ha fan alles sjoen.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Manlju en froulju fan jong ta âld, en op in strân kinst moai it ferrin fan it libben oanskôgje. De lytse bern dy't boartsje yn it sân geane oer yn pubers dy't hiel bewust fan harsels binne en oates en toates foto's meitsje. Mar dy pubers wurde letter faak wer heiten en memmen dy't mei de bern omheisterje. De pakes en beppes hawwe it dan alwer in stik makliker en foaral de lokale âldere minsken hawwe in soad wille mei elkoar.

Ik kin der net in wurd fan ferstean, dochs fyn ik it Spaansk in aardige taal om nei te lústerjen. Mar it tilt der ek op fan de Hollanners en bytiden krige ik wol gauris it idee dat ik op Skylge siet, yn stee fan op Ibiza. Dus troch dy Spaanske eamelpûden hie 'k teminsten noch it gefoel dat ik yn it bûtenlân op fakânsje wie.

Ik ha in protte liven sjoen en op in strân krijt elkenien wer in bytsje de ûnskuld fan in bern oer him hinne. It is sa't it is, teminsten by de measten al. De rûne billen en platte buken fan de jongerein feroarje geandewei de jierren yn platte konten mei rûne buken, en de boarsten bongelje der op 't eintsjebeslút ek mar wat by.

Dochs binne der útsûnderingen. Opfolle boarsten bliuwe altyd yn foarm en ik ha in pear bêste memmen sjoen. Der binne ek hieltyd mear froulju mei opfolle lippen en se liken allegear op Katrien Duck. Mei de sabeare boarsten en lippen in ein foarút en dêrboppe noch in opsichtige sinnebril seagen se heechhertich yn it rûn op har lisbêd mei sjampanjekoeler. Ik fûn it gjin gesicht en wêr't ik my ek oer fernuvere ha, binne de tatoeaazjes.

Benammen de jongerein is hielendal folkleure. Kinst it sa gek net betinke of der sit in tatoeaazje. In grutte kat op it bil, strikjes krekt ûnder de kont, of in rige Sineeske tekens op 'e rêch; alles is mooglik. Ik seach ek in famke dat de hals fol hie, mar ik wist net wat it wie. En doe betocht ik my dat sokken wierskynlik net neitinke oer de takomst. Want nei it besjen fan safolle liven, kaam ik ta de konklúzje dat it feltsje echt wol slopper wurdt mei de jierren.

Op it lêste strân dêr't wy wiene, rûnen twa froulju fan rûn de santich yn kreaze badpakken om. Se hiene gjin tatoeaazjes mar sa al, dan hie it grif gjin gesicht mear west. Dat hie in kalkoen op it ûnderkin wurden en in kat yn steat fan ûntbining op it bil. De strikjes, ea ûnder de kont, yn 'e hoksen dus allinnich de Sinees hie der noch wat fan meitsje kinnen, miskien.

It wiene krekt susters en se hiene neffens my in hearlike dei. Nettjinsteande dat se âlder wiene, hiene se sprankeljende eagen en se wiene net dwaande mei harsels of in bepaald imago. Se wiene gewoan sa't se wiene; âlde famkes mei griis hier, gesellich tegearre op 'en paad.

Ik fûn it de moaiste froulju op it strân! En ik wurd leaver sa'n 'âldtentike' fleurige beppe as sa'n poepbrune, blondearre, opblaasde botoksbeppe. Dus bliuw mar gewoan, want in soad binne al gek genôch."

(advertinsje)
(advertinsje)