Stapjûn Australyske toerist einiget yn Ljouwerter sikehûs

In Australyske toerist sil wierskynlik noch wolris weromtinke oan syn stapjûn yn Ljouwert. Dy einige nammentlik yn it sikehûs, sa meldt de plysje freedtemoarn.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De 28-jierrige man waard tongersdeitenacht krekt nei fjouweren út in kafee oan it Ruterskertier droegen. Hy hie safolle dronken dat er net reagearre op pineprikels. De plysje liet dêrom in ambulânse komme. Doe't de man troch it ferpleegjend personiel holpen waard, hat er de ambulânse ûnder spuid.
De Australiër is oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert en "zal vanmiddag er achter komen dat zijn eerste kroegentocht als toerist in Nederland slecht is bevallen", skriuwt de plysje fan Ljouwert op Twitter.