It is in bisteboel ûnder de provinsjale diken

24 maaie 2019 - 06:00

It is drok ûnder de provinsjale diken mei in grut ferskaat oan bisten yn de saneamde faunapassaasjes. Om foar te kommen dat bisten ûnder in auto bedarje, binne op tritich plakken paden ûnder de dyk makke mei skermen dy't de bisten dêrnei ta liede moatte.

It is in bisteboel ûnder de provinsjale diken

Advys- en yngenieursburo Arcadis hat de ôfrûne tiid yn opdracht fan de provinsje mei wyldkamera's en ynspeksjes sjoen oft de faunapassaazjes goed wurkje. En dat is sa. Dat komt mei trochdat de bistepassaazjes reedlik koartlyn oanlein binne. Op de kamera's binne ûnder oare beamotters te sjen, mar ek dassen, foksen, katten en rotten. De bisten binne ek te folgjen fia wildspotter.nl.

Wat opfalt is it grutte tal otters. It wiene noch mear as yn de provinsje Oerisel, dêr't ek in behoarlike populaasje otters sit. De measte otters komme om it libben trochdat sy ûnder de tsjillen fan in auto of frachtwein bedarje.

Ferslachjouwer Remco de Vries gie mei nei in faunapassaazje

(Advertinsje)
(Advertinsje)