Nije kultuernota Ljouwert: "Tink grut en bliuw ambisjeus"

24 maaie 2019 - 00:10

It wie folle bak tongersdeitejûn by in bypraatsesje fan de Ljouwerter gemeenteried oer de nije kultuernota. Dat wie in pear wike lyn hiel oars, doe't de gearkomste net trochgie fanwege te min oanmeldingen út de gemeenteried wei. It kulturele fjild prate de ried by, want der moat in nije kultuernota makke wurde. Belangrykste boadskip oan de polityk: haw lef en tink grut.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferskate sprekkers út it kulturele fjild kamen oan it wurd, sa as Hilde Mulder fan jeugdteäterskoalle Meeuw. Sy ropt de gemeente op om grut te tinken en te ynvestearjen yn saken dy't der noch net binne. "Der wurdt hiel bot ynvestearre yn de tradisjonele saken sa as in stedsskouboarch, in filmhûs of Neushoorn. It is belangryk om ek te ynvestearjen yn kulturele briedplakken en fernijende keunstners."

Jild út oare potsjes

In opfallende ynsprekker wie Baukje de Vries fan it Leeuwarder Ondernemers Fonds (LOF). Sy hawwe foarich jier ien miljoen euro yn Kulturele Haadstêd stutsen en binne kultureel sjoen wekker wurden, sa fynt De Vries. "We hebben gezien dat het mensen naar de stad brengt. Daarnaast hebben we geleerd dat we breed moeten denken. Cultuur moet overal uit gefinancierd kunnen worden."

Ek sy hat in boadskip foar de ried: "Investeer in jongeren, want die zijn heel erg belangrijk voor de toekomst van de stad. Anders worden we een grijze en slapende stad."

De gemeente Ljouwert lûkt jierliks sa'n tsien miljoen euro út foar kultuer. Foar dit jier is der seis ton ekstra beskikber steld foar de legacy fan Kulturele Haadstêd. Der wurdt no praat oer in nije kultuernota foar de perioade 2021-2024.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by de bypraatsesje oer de nije kultuernota

Gjin urginsje

Sjoerd Bootsma fan de organisaasje dy't dwaande is mei it ferfolch fan Kulturele Haadstêd ropt de gemeentepolityk op om lef te hâlden. Hy fynt dat de urginsje om troch te pakken nei it kulturele haadstêdjier mist. "Soms merk ik dat ik het nog heel erg aan het uit leggen ben, terwijl het voor onze snufferd staat wat we met elkaar gedaan hebben." Hoe't dat neffens him kin? "We zijn niet gewend om veel ambitie te hebben. Vorig jaar hadden we dat wel, maar dat moeten we nu vasthouden. We moeten het niet weer rustig aan gaan doen."

Mear gas derop

Harry Bevers fan de VVD dielt dizze soarch en fielt him ek wol wat oansprutsen. "We praten al heel lang over de legacy. Ik realiseer me dat dit te veel is blijven liggen. Misschien had ik daar zelf ook meer gas op moeten geven." Wol sjocht hy de grutte mearwearde dy't kultuer as gehiel foar Ljouwert hat en fynt dat der yn ynvestearre wurde moat. Mar it moat net ta skea gean fan de besteande organisaasjes.

"In de sectoren economie, marketing en toerisme zijn ook budgetten beschikbaar. We hebben afgelopen jaren gezien dat cultuur ons meer heeft opgeleverd dan alleen een beter cultureel klimaat, maar ook meer toerisme en een economische impuls", sa seit Bevers.

Riedslied Harry Bevers fan de VVD yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)