Plysje hâldt bestjoerder fan auto fol gniisgasflessen oan

De plysje yn Ljouwert trof by in kontrôle fan in bedriuwsauto sa'n fyftjin gniisgasflessen yn de auto oan. Dat is strafber ûnder de Wet ferfier gefaarlike stoffen. De 37-jierrige bestjoerder hat proses-ferbaal krigen.
© ANP
Wêr't it gniisgas foar bestimd wie, is net bekend. De auto stiet no by it plysje-buro, oant útsocht is hoe't it gniisgas wol ferfierd wurde mei.