Marit Bouwmeester op twadde plak nei fjirde dei EK yn Portugal

23 maaie 2019 - 22:37

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is nei it twadde plak klommen by de iepen Europeeske kampioenskippen yn de Laser Radial-klasse. Foar de kust fan Porto einige Bouwmeester as sechsde en fjirtjinde yn de sande en achtste race.

Foto: ANP

Nettsjinsteande dy resultaten gie Bouwmeester in plak omheech yn it klassemint, omdat de Finske Tuula Tenkanen mei in fyftjinde en tsiende plak sakke nei it fyfde plak. Nei de fjirde racedei stiet de Deenske Anne-Marie Rindom op in romme foarsprong yn it klassemint. Rindom hat 13 punten, Bouwmeester hat 33 punten mear.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen
(Advertinsje)
(Advertinsje)