De Hege Warren earst ûnder wetter sette om dêrnei kanaal oan te lizzen?

23 maaie 2019 - 22:13

Elkenien dy't ideeën of argewaasje hat oer de problematyk by de Hege Warren koe tongersdei yn Grou terjochte om syn of har ferhaal te dwaan. De ynrinjûn waard organisearre troch de provinsje. It idee fan de jûn wie foaral om oer it feangreidegebiet fan de Hege Warren te praten, en it al dan net ûnder wetter setten fan it gebiet. In soad minsken woene lykwols folle leaver prate oer de farwei dy't al dan net tusken Grou en Drachten komt.

Foto: Omrop Fryslân

Der wurdt al langere tiid oer de problematyk praat. It gebiet sakket trochdat de feangreide opdrûget, dus der wurdt sjoen oft it lykas eartiids wer ûnder wetter set wurde kin. Der wenje boeren yn it Hege Warrengebiet dy't dan wol in oar plak krije moatte. Ek wurdt der praat oer in kanaal fan Grou nei Drachten, om de frachtskippen net mear troch natuergebiet de Alde Feanen farre te litten en om de hieltyd gruttere frachtskippen mear romte te jaan. Ferline jier gie it der op in oare ynformaasjejûn oer dit ûnderwerp hurd oan ta.

Twa kear kanaal oerstekke

Guon ynwenners fan it eilantsje de Burd by Grou binne noch altyd benaud dat de farwei der komt. "Ik fyn it misliedjend dat wy it dêr hjoed net oer hawwe meie. Se wolle no earst allinnich prate oer it ûnder wetter setten fan de Hege Warren, mar it soe my neat fernuverje dat se dêrnei it kanaal oanlizze. It gebiet stiet dan dochs al ûnder wetter", seit ien fan de oanwêzigen. Stel dat de farwei der komt, dan wurdt de situaasje foar rekreaasje op it wetter in stik gefaarliker. "Dan moatte jo tenei twa kear it kanaal oerstekke as jo nei de Alde Feanen ta wolle. Foar Earnewâld wurdt it dan better, mar foar Grousters wurdt it minder", leit in oare man út.

Sonja Buchs fan de provinsje wol sjen nei in nije takomst foar de Hege Warren

Neffens de Provinsje Fryslân is de reden om net tefolle yn te gean op de plannen foar de farwei krekt wat oars. Der moat earst sjoen wurde wat der allegearre mooglik is mei it gebiet de Hege Warren. Pas dêrnei kin der sjoen wurde oft it kanaal in opsje is. "Op dit moment is het plan sowieso financieel niet haalbaar", leit projektlieder Sonja Busch fan de Provinsje Fryslân út. Dochs wol sy de belangstellenden ek temjitte komme: "We kunnen de olifant in de kamer natuurlijk ook niet helemaal negeren. We willen eerst kijken hoe we met de veenweideproblematiek om moeten gaan. Het zou kunnen dat de vaarweg een onderdeel van de nieuwe inrichting van het gebied is. Het plan is dus nog wel aanwezig, maar de focus ligt op de Hege Warren."

"Der wurdt nei ús harke"

De oanwêzigen binne wol bliid dat se hjoed wat te sizzen hawwe. "Ik haw wol it gefoel dat der hjir nei ús harke wurdt. Dat hat ek wolris oars west", jout in man oan. "Ik haw ek noch wat dingen opskreaun dy't se meinimme kinne. Dus dat is moai", seit in oar. "As der mar wat mei dien wurdt. Der waard ferline jier ek nei alle minsken harke dy't harren ferhaal diene, mar dêr sjoch ik hjoed net safolle fan werom."

Knopen trochhakje

Freedtejûn wurdt yn Aldegea Smellingerlân sa'n selde ynformaasjejûn hâlden. Dúdlik is wol dat it noch in hiel skoft duorje kin foardat der echt wat bart yn it gebiet. Busch: "Veel mensen willen dat er nu eens een knoop doorgehakt wordt. Dat knopen wij in onze oren. We kunnen niet eeuwig blijven praten, zowel over de Hege Warren als over de vaarweg. Maar dit is helaas de werkelijkheid."

(Advertinsje)
(Advertinsje)