Follybalfroulju winne oertsjûgjend fan Súd-Koreä

23 maaie 2019 - 20:35

Nei ferlies yn de earste twa wedstriden fan de Nations League hat it Nederlânske follybalteam tsjin Súd-Koreä de earste oertsjûgjende oerwinning pakt. Yn Belgrado wiene de Nederlânske froulju, mei Friezinnen Marrit en Hester Jasper, nei setstannen fan 25-18, 25-21 en 25-18 mei 3-0 te sterk.

Marrit Jasper en Hester Jasper - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Sûnder de suskes Jasper yn de basis gie it spul yn de earste set gelyk op oant 10-10. Dêrnei naam Nederlân it inisjatyf en pakte de follybalsters de earste set mei 25-18. De twadde set wie spannender. Súd-Koreä pakte in 21-20 foarsprong, mar troch fiif punten op rige pakte de ploech fan coach Jamie Morrison dochs noch de set.

Nettsjinsteande dat Marrit en Hester Jasper net yn de basis stiene, kamen beide spylsters wol yn aksje. It wie Marrit Jasper dy't mei in goed blok de wedstriid op 25-18 beslisse yn it foardiel fan de Nederlânske ploech.

Kommende wike wurde der wer trije duels spile yn de Nations League. Yn Apeldoorn binne Brazilië, Bulgarije en Poalen de tsjinstanners fan Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)