Manifest oanbean om Lauwersmargebiet klear te meitsjen foar de takomst

23 maaie 2019 - 20:28

Op in grut sympoasium yn de Willem Lodewijk van Nassau Kazerne yn Zoutkamp is tongersdei in manifest oanbean oer de takomst fan it Lauwersmargebiet. De opstellers fan it manifest binne ûndernimmers út it gebiet sels. Sy hawwe it oanbean oan wethâlders en deputearren fan de belutsen gemeenten en provinsjes.

De Lauwerssee waard fyftich jier ferlyn ôfsletten mei in dyk. Sa ûntstie ynienen in binnenwater fan 6000 hektare: de Lauwersmar. Sâlt wetter waard swiet en de fiskerij ferpleatste him fan Dokkumer Nije Silen en Zoutkamp nei Lauwerseach. Yn oanwêzigens fan Keninginne Juliana waard op 23 maaie 1969 de lêste hannelings útfierd. By it sympoasium wie tongersdei omtinken foar it ferline fan it Lauwersmargebiet, mar mear noch waard sjoen nei de takomst.

Lauwersmargebiet - Foto: ANP

Manifest

Der is al jierrenlang diskusje oer de takomst fan it Lauwersmargebiet. Sa wurdt ûnder oare praat oer it werstel fan de ferbining mei it sâlte wetter om fisk yngong te jaan ta de Lauwersmar. De natoerwearden fan it gebiet stean ûnder druk.

Yn it manifest sette de opstellers yn sân punten útein wat der neffens harren barre moat om it Lauwersmar klear te meitsjen foar de takomst

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Undernimmers út it gebiet sels hawwe in manifest (ûnderoan dit berjocht te lêzen) oanbean oer de takomst fan it Lauwersmargebiet. Want it wurdt heech tiid dat se belutsen wurde by de ûntwikkeling fan it gebiet. Dat seit ûndernimmer Aaltsje Rispens: "Der binne in soad plannen makke oer ús. It is no goed dat wy mei-inoar om tafel sitte. Yn dy fyftich jier Lauwersmar hawwe in hiel soad mieningen tsjinoer inoar stien. It begûn dermei dat nei de ôfsluting de fiskers teloarsteld wiene. Se rekken fiskgrûnen kwyt. Definsje krige in oefenterrein yn it Lauwersmargebiet, lânbou en natuer stiene faak tsjinoer inoar. Wy moatte dy tiid achter ús litte. Lit ús it no de kommende fyftich jier mei-inoar oan de slach gean."

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De ûndernimmers en natuerbehearder Steatsboskbehear hawwe ferskillende belangen yn it gebiet. It manifest is oanbean oan de stjoergroep fan de Lauwersmar. Steatsboskbehear hat ek in sit yn dy stjoergroep. De pleatslike polityk hat ek in stim yn de takomst fan it Lauwersmargebiet.

Fryslân DOK

Takom wykein en it wykein dêrop hat Fryslân DOK wiidweidich omtinken foar it jubileum fan it Lauwersmar. Diel 1 'In byld fan tiid' giet oer de takomst fan it Lauwersmargebiet , de jierappelbou en de fersâlting. Op sneon 25 maaie is dy dokumintêre op NPO 2 te sjen en op snein 26 maaie fan 17.00 ôf op Omrop Fryslân.

Yn diel 2 'Foarútgong en bedriging' wurdt sjoen nei mooglikheden fan duorsem toerisme, biologyske lânbou en nei de oergong nei de wetterstofekonomy, Dat is te sjen op sneon 1 juny op NPO 2 oere en op snein 2 juny fan 17.00 ôf op Omrop Fryslân.

1. Economische ontwikkeling op basis van kustidentiteit
- Ondersteun en faciliteer een recreatief aanbod dat past bij de identiteit van Lauwerskust en Werelderfgoed Waddenzee én bij de beleving van de kernwaarden;
- Kies voor een Werelderfgoedcentrum dat deze kustidentiteit ondersteunt en versterkt;
- Kies voor kleinschalige, gebiedseigen, duurzame visserij in de oostelijke Waddenzee en het Lauwersmeer, gekoppeld aan bezoekershavens in Lauwersoog, Zoutkamp en Dokkum.

2. Een innovatieve benadering voor de waterveiligheid van kust en achterland
- In kaart brengen van de effecten van de nieuwste klimaatscenario's voor Lauwerskust;
- Vertalen waterveiligheid en natuur Lauwerskust in één integraal plan met ruimte voor innovatieve aanpak als klimaatbuffers in het achterland en opslibbing van de kust (en aansluitend op ontwikkelingen in natuurinclusieve landbouw en Deltaplan Biodiversiteitsherstel)

3. Lauwerkust Proeftuin maritieme waterstofeconomie
- Kies voor een toekomst zonder fossiele brandstoffen (onder andere scheepmotoren) in Lauwerskust en de oostelijke Waddenzee; en zorg voor omzetting windenergie op zee in waterstof;
- Creëer de Proeftuin Lauwerskust Maritieme Waterstofeconomie, een vier-jarig programma voor innovatie rond waterstof, met ruimte in de regelgeving/faciliterende financiële programma's en aanlanding van (een deel van de) windenergie op zee in Lauwersoog.

4. Lauwerskust energieneutraal
- Ontwikkel drie pilotprojecten rond vervoer op waterstof: garnalenkotter, excursieboot en landbouwtractor;
- Versterk de uitrol van duurzame energieproductie in de dorpen van Lauwerskust; en verken de mogelijkheden van energiebenutting uit water (warmte en koude uit oppervlaktewater en/of getijdenstroom).

5. Innovatiegebied voor landbouw van de toekomst
- Het proefproject Zoet op Zout Lauwersmeergebied verder uitrollen, met de projecten Spaarwater en Boeren Meten Water en zouttolerantie van teelten; deze kennis delen met de regio en de waterzelfvoorziening voor de landbouw, met grip op de eigen percelen, opschalen naar de gehele regio;
- Opschalen 'zilte beheerpakketten' als onderdeel van agrarisch natuurbeheer;
- In samenwerking met andere bedrijven/organisaties uit de regio de mogelijkheden verkennen om de bodemkwaliteit te verbeteren in relatie tot kringloop.

6. Naar een robuust Lauwerskustlandschap met biodiversiteit en karakter
- Versterken identiteit dorpen Zoutkamp, Dokkum, Lauwersoog, Holwerd en Paesens- Moddergat als kustplaatsen;
- Versterken kustlandschap met herstel cultuurhistorische elementen (oude sluizen/inlaten, historische gebouwen, terpen, molens etc.) en het vernieuwen van dijkstructuren tot groene, bloemrijke linten tussen de dorpen;
- Ontwikkelen drie groene, landschappelijke, cultuurhistorische, recreatieve routes tussen kust en achterland: van Kollum naar de kust, van Dokkum naar Lauwersoog en van de stad Groningen naar Zoutkamp;
- Realiseren van een optimale vismigratievoorziening en onderwaterhabitat waardoor vissen 24/7 het Lauwersmeer in en uit kunnen zwemmen; en hierbij verkennen in hoeverre een stabiel brakwatergebied in (het noordelijke deel) van het Lauwersmeer te realiseren is zonder negatieve impact op andere functies.

7. Proces
- Samen met overheden, maatschappelijke partijen, ondernemers en bewoners van het gebied het Manifest Lauwerskust uitwerken tot een actieplan

Trefwurden: 
Lauwersmar manifest
(advertinsje)
(advertinsje)