Douwe Hoogland kandidaat-deputearre PvdA

23 maaie 2019 - 19:55

Douwe Hoogland wurdt troch de PvdA foardroegen as kandidaat-deputearre. Dat lit de partij yn in e-mail oan de leden witte. Earder waard al bekend dat de PvdA mei it CDA, de VVD en de FNP it nije deistich bestjoer fan de provinsje foarmet. Op dit stuit praat formateur Evelien Blaauw mei de partijen oer de krekte ynfolling dêrfan.

Foto: ANP

Hoogland (67) is sûnt acht jier steatelid foar de PvdA. Neffens de PvdA past er goed by de portefúlje dy't de PvdA by de ûnderhannelingen binnenhelle hat. It soe dêrby gean om in soad 'griene' ûnderwerpen.

Douwe Hoogland wie earder biologysk boer en hat ek in soad bestjoerlike ûnderfining. Ek as steatelid set er him neffens de mail fan de partij yn foar alles 'wat groeit, bloeit en leeft in onze provincie'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)