Is der in Anja Haga-effekt yn Noardeast-Fryslân?

Har affysje hinget rûnom yn Dokkum en omkriten. Anja Haga út Dokkum is al wikenlang drok oan it kampanjefieren as kandidaat-Europarlemintariër foar de ChristenUnie-SGP. Neffens de measte opinypeilers is har tredde plak op de list ûnferkiesber, mar Haga tinkt sels dat se seker net kânsleas is. Mei stipe fan partijgenoaten hat se dêrom in persoanlike kampanje fierd troch Fryslân, Grinslân en Drinte. Jan Huitema fan Makkingea is dêrby wol in ynspirearjend foarbyld. Dy stie yn 2014 ek op in ûnferkiesber plak op de VVD-list, mar waard keazen mei foarkarstimmen.
Is der in Anja Haga-effekt yn Noardeast-Fryslân?
Hast eltsenien yn Dokkum is bekend mei de namme Anja Haga, al is it mar fan de ferkiezingsaffysjes dy't rûnom yn de Bonifatiusstêd hingje. Mar har kenne en op har stimme is net itselde. "Ik gun it har wol", seit in Dokkumer dy't anonym bliuwe wol. "Mar ik wol net stimme op in mienskiplike ChristenUnie-SGP list."
Cor Kleefstra út De Westereen is krekt tige wiis mei de kandidatuer fan Haga. "Ik fyn it hiel belangryk dat der minsken yn Europa binne dy't Fryslân goed fertsjintwurdigje. Ik tink dat se hjir yn Dantumadiel in soad stimmen krijt." Pleatslik is der dêrom seker sprake fan in beheind 'Anja Haga-effekt', mar it bliuwt de fraach oft dat genôch stimmen opsmyt foar in sit yn it Europeesk parlemint.
Bykommend probleem is dat ek yn Noardeast-Fryslân de animo foar de Europeeske ferkiezings net bysûnder grut is. Hinke Visser wennet yn De Westereen foar in stimburo oer, mar giet der net hinne. "Ik stim oars altyd, mar it Europeesk Parlemint dêr haw ik gjin doel oer", lit se witte.
Anja Haga mei har programmapunten foar it Europeesk Parlemint © Omrop Fryslân
Anja Haga giet sadwaande in pear spannende dagen temjitte. Jan Huitema kaam yn 2014 yn it Europeesk Parlemint mei tank oan 26.000 foarkarstimmen. Mar njonken de foarkarstimmen hat ek har partij genôch stimmen nedich foar trije sitten. Pas yn de nacht fan snein op moandei of pas sels op moandei oerdei wurdt dúdlik oft de misje fan Haga slagget.
Harkje nei stimmers yn Noardeast-Fryslân