Wurkstraf foar frou dy't pony fertutearzje liet

23 maaie 2019 - 16:48

In frou út Ternaard hat in wurkstraf fan tweintich oeren krigen, omdat se sa min foar har pony soarge dat it bist úteinlik ôfmakke wurde moast. De hoeven fan de pony wiene oardel jier lyn sa lang wurden, dat it bist noch kwalik rinne koe.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De frou sei dat se wol in hoefsmid ynskeakele hie, mar dat de pony te wyld wie om de hoeven te bekapjen. Se hat it sels ek besocht, mar krige de pony ek net ûnder kontrole. Se sei dat se net wist dat se in fee-arts ynskeakelje koe om de pony te ferdôvjen, mar dat leaude de rjochter net. Dy frege him ôf oft se net te folle bisten hat. Njonken de pony hat de frou katten, hûnen en in geit. By in nije kontrôle, ein ferline jier mankearre der ek wat oan de geit en in hûn.

Njonken de tweintich oeren wurkstraf, krige se der ek in straf ien ûnder betingst, ek fan tweintich oeren.

Trefwurden: 
wurkstraf Ternaard pony
(advertinsje)