Fryske histoarje: de Van Sminia's yn Aldtsjerk

23 maaie 2019 - 16:10

Yn de rige oer bysûndere tinktekens fan de âlde Fryske adel yn Fryslân Hjoed giet it dizze kear oer Aldtsjerk. Dêr binne twa grutte rou- of memorybuorden fan de Van Sminia's opknapt.

Aldtsjerk is ferbûn mei de Van Sminia's. Yn de Paulustsjerke hingje twa roubuorden fan de famylje út de 18e iuw. Johannes Rhala van Sminia waard mar 24 jier, fertelt syn boerd. It oare rouboerd is fan famyljelid Willem van Vierssen. Beide buorden wiene der min oan ta. Erkend restaurateur Randolph Algera is hoeden omgien mei de konservaasje en restauraasje fan alle details.

Ynterieur fan de Paulustsjerke yn Aldtsjerk - Foto: Omrop Fryslân

Net allinnich it konservearjen, mar ek it organisearjen fan it hiele restauraasjetrajekt is spesjalistysk wurk. Foardat it opknapwurk begjinne koe, is der njoggen jier ûndersyk dien en finansiering regele. Provinsje, it ryk en behearders fan de tsjerke bekostigje it wurk. Der binne noch famyljeleden yn libben fan de Van Sminia's, dy't finansjeel bydroegen hawwe oan it behâld fan de roubuorden fan har foarâlden.

Omrop Fryslân stjoert in rige út oer bysûndere rou- of memoarjebuorden yn it tv-programma Fryslân Hjoed. Dizze wike de roubuorden yn de tsjerke fan Aldtsjerk.

Trefwurden: 
Aldtsjerk roubuorden Sminia
(Advertinsje)
(Advertinsje)