Gjin gif op lânbouprodukten dy't út omkriten fan REC komme

23 maaie 2019 - 16:05

De reststoffe-enerzjysintrale yn Harns hat gjin skealike effekten op gewaaksen yn de buert. Dat docht bliken út mjittings dy't ferline jier dien binne yn opdracht fan LTO Noord. Yn it ûndersyk is sjoen nei it effekt dat de útstjit fan de ôffaloven hat op bygelyks it gers, de spinaazje en de boerekoal dy't groeit yn de omjouwing en op de molke fan kij.

Sicht op de REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân

Der is meardere kearen metten oft dêr ek tefolle skealike stoffen ynsieten. Dat wie net sa, hat bliken dien. Dêrby waard benammen sjoen nei stoffen lykas kadmium, kwik, dioksinen en fluoriden. De mjittingen wurde dien sûnt de REC yn bedriuw is en gean dit jier ek troch. Yn dy tiid binne der noch gjin ôfwikende wearden fûn.

"Als voedselproducent streven wij naar hoge kwaliteit van onze producten. Het onderzoek heeft aangetoond dat de REC niet van invloed is geweest op deze kwaliteit. Uiteraard zijn we daar erg blij mee", sa lit Ane de Witte fan LTO Noard witte.

Trefwurden: 
Harns REC LTO Noard
(advertinsje)
(advertinsje)