Bestjoerder Fier oer jeugdprostitúsje: 'It is fiif foar tolven'

Mei moaie praatsjes en kadootsjes besochten loverboys tweintich jier ferlyn fammen yn de prostitúsje te krijen. No, jierren letter, is dy taktyk ferhurde. Gjin kado's mear, mar brainwashing, mishannelingen en ferkrêftingen om de fammen sa gau mooglik de wrâld fan de minskehannel yn te lûken. Asja, in spesjale opfang yn Ljouwert, bestiet tweintich jier. En dat is gjin goed teken.
20 jr bestean Asja
Houd je ogen open en benoem het, als er wat speelt.
Linda Terpstra, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Fier
Neffens Linda Terpstra, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Fier, is it al jierren fiif foar tolven en is der folle mear nedich om it groeiende probleem fan jeugdprostitúsje oan te pakken. "Ik zou tegen iedereen willen zeggen: Houd je ogen open en benoem het, als er wat speelt. Dit is niet een vraagstuk dat alleen bij onze instelling thuishoort. We moeten ons er allemaal druk over maken en het probleem blootleggen. Alleen dan kunnen we op termijn dit probleem tackelen."
Neffens Terpstra is der yn Fryslân in soad skamte wat praten oanbelanget oer saken dy't te krijen hawwe mei fammen dy't seksueel misbrûkt wurde. "Instellingen, scholen, we hebben het er niet graag over als het daar speelt. Men wil er niet mee geassocieerd worden. Dat is juist het probleem. Het moet benoemd worden. Er moet op tafel komen waar de problemen spelen. Ik roep dus iedereen op: Gemeenten, scholen, ouders, buren, houd je ogen wagenwijd open en trek aan de bel als je iets hoort of ziet."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Tweintich jier Asja

It wie tweintich jier ferlyn in nij ferskynsel: fammen dy't slachtoffer waarden fan loverboys. Yn dy tiid is Asja oprjochte. It is in feilich plak foar famkes en fammen fan 12 oant 23 jier dy't troch mislieding, twang en geweld yn de prostitúsje telâne kaam binne. Yn in jier wurde mear as hûndert slachtoffers opfongen. Sy bliuwe yn trochsneed njoggen oant tolve moannen yn de opfang. De fammen folgje in deiprogramma dat bestiet út skoallelessen, (groeps)terapy en sport. Dêrneist wurde se ek behannele om better mei harsels omgean te kinnen, sadat se net mear werom gean nei de persoan dy't harren bedriget.
Asja wol de fammen sterker en minder kwetsber yn de mienskip meitsje. It probleem hjoed-de-dei is dat de loverboy-problematyk hurder wurden is. It misbrûk is lestich oan te toanen en de straffen binne te leech, seit Fier. Om as ynstelling earder yn kontakt te kommen mei slachtoffers hat Fier in chatfunksje makke. Sa kinne de slachtoffers makliker help fine.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Slachtoffers

Ien fan de fammen dy't yn Asja sitten hat, docht har ferhaal anonym. Se is yn 2012 opfongen en der wer boppe-op kaam. "Ik siet yn de greep fan in loverboy en hie it sels net troch. Ik waard harsenspield. Ik tocht dat it wol okee wie. Pas doe't ik yn Asja kaam en dêr terapy krige, waard it foar my dúdlik dat ik yn in ferkearde relaasje siet. Ik haw in soad leard en kin no grinzen oanjaan. It giet no goed mei my. Ik bin gelokkich."
Direkteur Fier oer jeugdprostitúsje: 'It is fiif foar tolven'