Poleposition foar Nyck de Vries yn Monako

23 maaie 2019 - 15:05

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea begjint freedtemoarn fan poleposition ôf oan de haadrace fan de Formule 2 yn Monako. De Vries wie tongersdei dúdlik rapper as de rest fan it fjild yn de kwalifikaasje.

Der is net in soad romte op it sirkwy fan Monako. Dêrom hie de organisaasje der foar keazen om de koereurs yn twa groepen ride te litten. De Vries mocht yn de twadde groep oan de bak en wie dêryn mei ôfstân de rapste. De nûmer twa, de Italiaan Luca Ghiotto, moast mear as twatsiende tajaan op de Fryske autokoereur.

Twa wiken ferlyn pakte Nyck de Vries de winst yn de Formule 2 race yn Barcelona.

(advertinsje)
(advertinsje)